Op tongersdei 19 augustus komt Omrop Fryslân mei “Simmer yn Fryslân” nei ús doarp. Dizze simmer is Omrop Fryslân op ’en paad nei al it moais fan Fryslân en ek yn ús doarp sjogge sy om it hoekje.

Alles is de hiele dei te folgjen op radio by Omrop Fryslân en jûns om 17.15 oere is der in spesjale Simmer yn Fryslân útstjoering op telefyzje.

Dan noch in ekstra oprop: hingje allegear de flagge út op tongersdei 19 augustus!

Sjuch foar mear ynformaasje op de webside fan Omrop Fryslân.

flyer simmer yn fryslan

Dizze flyer kin brûkt wurde om sels te printsjen en op te hingjen.

 

Recente berichten

Start typing and press Enter to search